[Flaptekst]: Fûgel libbet yn de loft en Mol libbet ûnder de grûn. Se libje yn twa ferskillende wrâlden. De twa dieren beslute om elkoar te helpen en leare om de wrâld fan elkoar te begripen. Fûgel lit Mol sjen hoet it libben yn de loft is. Mol leart Fûgel in taal dêrt er mei elkenien oer de hiele wrâld mei prate kin. Fûgel en Mol is in berneboek dêrt yn beskreaun wurdt hoetst elkoar helpe kinst. Mar ek hoetst freonen makkest en learst om elkoar te begripen.